Bert Hellinger
Bert Hellinger (eigentlik Anton Hellinger), (berne 16 desimber 1925 yn Leimen (Baden), Dútslân) is in Dútske famyljeterapeut en skriuwer. Hy waard yn 1952 as pryster wijd en wie lange jierren haad fan in Súd-Afrikaanske missyskoalle. Op de ein fan de jierren santich hat er, troch in grut ferskaat fan metoaden út de systematyske gesinsterapy te brûken, in foarm fan famyljeopstelling ûntwikkele, dy't troch de wize fan wurkje mei minsken en de útwurking dêrfan op de minsken sterk omstriden is.