Bert Jan van der Veen
Bert Jan van der Veen (3 maart 1968) is in Nederlânsk maratonrider dy't op De Jouwer wennet.
Bert Jan van der Veen | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3 maart 1968 | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | maraton |
Van der Veen helle trije kear de Nederlânske Titel op keunstiis; yn 2001, 2003 en 2005. Hjirmei is hy tegearre mei Jan Maarten Heideman, Lammert Huitema, Jan Kooiman en Co Giling rekordhâlder wat oantal titels betreft. Se waarden ynhelle troch Arjan Stroetinga, dy't seis titels hat. Van der Veen wûn ek de Alternative Alvestêdetocht 2006.
Hy ried foar it maratonteam fan BAM. Nei syn reedriderskarriêre waard hy coach yn it marathonriden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |