Bestjoerlike yndieling fan Finlân

De bestjoerlike yndieling fan Finlân bestiet njonken de sintrale oerheid út in provinsjaal nivo (lânskippen) en in lokaal nivo (gemeenten).

Sûnt de weryndielings fan 1997/1998 hat Finlân 19 lânskippen (Finsk: maakunta; Sweedsk: landskap). De wichtichste taak fan dizze lânskippen is de regionale planning en it ûntwikkeljen fan bedriuwichheid en ûnderwiis. Ek de soarch falt foar in grut part ûnder de ferantwurdlikens fan de lânskippen.

De lânskippen binne fierder opdield yn 311 gemeenten dy't ferantwurdlik binne foar de measte saken dy't te krijen ha mei de wolfeart fan it lân. Ynfrastruktuer, romtlike oardening, hanthaving, ekonomyske ûntwikkeling en sosjale foarsjennings binne dêr inkelde foarbylden fan.