Bestjoerlike yndieling fan Noarwegen
De bestjoerlike yndieling fan Noarwegen bestiet hjoeddedei út 18 provinsjes (fylker) dy't fierder yndield binne yn 422 gemeenten (kommuner).
De arsjipel Spitsbergen en it eilân Jan Mayen meitsje net diel út fan de provinsjes, mar hearre wol by it keninkryk. Noarwegen hat trije ôfhinklike gebieten: Bouveteilân, Keninginne Maudlân en Peter I-eilân.
Op 1 jannewaris 2020 sil in weryndieling plakfine wêrby't de 18 provinsjes ferfongen wurde troch 11 regio's.