Beuningen

Nederlânske gemeente

Beuningen is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De gemeente hat {Statistyk gemeente Nederlân ynwenners|Beuningen}} ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 47,09 km². Yn de haadkearn Beuningen sels wenje 17.365 minsken. Oare kearnen yn de gemeente binne fan west nei east Winssen, Ewijk en Weurt.

Beuningen
Corneliustsjerke
Corneliustsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Boargemaster Daphne Bergman (D66)
Sifers
Ynwennertal 26.725 (1 jannewaris 2024)
Oerflak 47,09 km²
Befolkingsticht. 609 / km²
Oar
Ferkearsieren A50 A73 N847
Postkoade 6550-6551, 6640-6642, 6644-6645
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 51' NB, 5° 45' EL
Gemeentehûs fan Beuningen
Gemeentehûs fan Beuningen
Lizzing fan de gemeente Beuningen
Lizzing fan de gemeente Beuningen
Offisjele webside
www.beuningen.nl
Kaart
Beuningen (Gelderlân)
Beuningen

Geografy bewurkje seksje

De gemeente leit yn it Ryk fan Nimwegen en grinzget yn it noarden oan de rivier de Waal en yn it easten oan de gemeente Nimwegen. De A73 fan Nimwegen nei Roermond rint yn it suden fan de gemeente en de A50 rint dwers troch de gemeente fan noard nei súd westlik fan de haadkearn. De gemeente is part fan de Stedsregio Arnhim-Nimwegen.

Plakken bewurkje seksje

De gemeente bestiet út fjouwer offisjele kearnen:

Plakken Ynwenners (2021)[1]
Beuningen 17.365
Ewijk 4.140
Weurt 2.490
Winssen 2.160

Skiednis bewurkje seksje

It gebiet fan Beuningen wie al bewenne yn de Romeinske tiid. Der binne troch opgravings oerbliuwsels út dy snuorje wei fûn. Yn de fyftjinde iuw stie der in lyts kastiel: de Blanckenburgh. It waard nei alle gedachten troch prins Maurits fan Oranje ferwoastge yn de Tachtichjierrige Kriich. Oant om 1900 hinne wie beuningen in earm boerdoarp, dat gauris troch oerstreamings troffen waard. Der wiene lykwols al in nustje gegoede famyljes, almeast rike heareboeren dy't de heechste belestings yn 'e omkriten betellen. Op 1 jannewaris 1818 anneksearre Beuningen de gemeente Weurt, dy't eastlik lei en op 1 july 1980 waard de gemeente Ewijk anneksearre, dy't westlik lei.

Hjoed-de-dei is Beuningen winliken in foarstêd en forinzegemeente fan Nimwegen mei in soad nijbou.

 
Gemeentekaart fan Beuningen

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beuningen, Gelderland fan Wikimedia Commons.
 
Gelderlân
 
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar