Bille (rivier)
De Bille is in lytse, stadich streamende rivier yn it distrikt Stormarn, Sleeswyk-Holstein en Hamburch. It is in rjochter sydrivier fan de Elbe. Hy ûntspringt ûnder Linau, noardlik fan de Hahnheide. Dêrnei rint er súdlik fan de gemeente Trittau, foarmet de grins dêr de grins tusken Stormarn en Lauenburg, rint fierder besuden Reinbek en mûnet úteinlik út yn de Elbe by Billwerder. Oan de igge fan de rivier lizze in protte âlde bûtenpleatsen en ynnimlike parken. De totale lingte fan de rivier is 65 km. Fan de mûning of is de rivier sa'n fiif km befarber.
Bille | ||
De Bille yn Billwerder | ||
geografy | ||
lân | Dútslân | |
Dielsteat/gemeente | Sleeswyk-Holstein, Frije Hânzestêd Hamburch | |
lokaasje boarne | Under Linau | |
mûnet út yn | Elbe | |
lokaasje mûning | Hamburch | |
sydstreamen | Corbek, Schwarze Au, Trittauer Mühlenbach, Ladenbek, Glinder Au, Schleemer Bach(grutsten) | |
sifers | ||
lingte | 65 km | |
hichte boarne | 65 | |
hichte mûning | 2 m | |
ferfal | 63 m | |
ôfwetteringsgeb. | 506,4 km² |
De Bille is ien fan de trije rivieren dy't troch de stêd Hamburch rinne, de oare twa binne de Elbe en de Alster.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Grander Mühle, in âlde wettermûne yn Kuddewörde, út 1303
- Schloss Reinbek, in kastiel út 1572
- Schloss Bergedorf, in kastiel, foarbyld fan bakstiengotyk