Biltske telling
De Biltske telling is in telwize by in keatspartij wêrby it partoer dat as earste 30 punten hellet, in partij wûn hat. Dizze foarm wie earder yn swang op It Bilt
By in partij dy't neffens de Biltske telling spile wurdt, is dus gjin sprake fan earsten of spullen. Der wurdt allinne wiksele as der twa keatsen binne of as ien as beide partoeren 29 punten hat en der 1 keats is as makke wurdt.
Foar keatspartijen dêr't de Biltske telling tapast waard, brûkte men in oanpaste telegraaf. Sa'n telegraaf bestie út ien latte dêr't foar elts punt in baltsje oanhongen waard. By it tsiende punt dat in partoer helle, waarden de njoggen lytse baltsjes der ôfhelle en ferfongen troch ien grutte bal en sa fierder. Oan de telegraaf sieten oan eltse kant 4 heakjes wêrby oan de binnenste 3 heakjes de lytse baltsjes dy't de inkelde punten foarstelden trije-by-trije ophongen waarden (ûnder elkoar) en op de bûtenste de gruttere ballen, dy't symboal stiene foar de tsientallen, ek ûnder elkoar.