Bingel
Mei in bingel wurdt ornaris ferwiisd nei in ûnderdiel fan in liedklok. It is in hammer dy't tsjin in belle slacht as in klok de hiele, en bytiden heale, oeren slaat. De bingel is faak fan metaal; by keninklike begraffenissen yn Nederân wurdt de bingel soms omkleid mei lear om in doffer lûd te meitsjen.
Der besteane lykwols ek houten bingels dy't brûkt wurde by it bespyljen fan klankskealen en simbalen.
In bingel kin ek betsjutte: lytse liedklok of ûndogenske jonge of flarde, fodde.