De gearstalling fan de Fryske binnenfloat hat yn de rin fan de tiid grutte feroarings ûndergien. It tal skippen is nei in frij grutte stiging tusken 1961 en 1969 sawat lyk bleaun. It laadfermogen waard bot grutter. Fan de lytse beurtskippen binne net folle oerbleaun. Se waarden faak omboud foar oare doelen lykas rekreaasje.

Op 1 jannewaris 1961 bedroech it oantal ynskreaune frachtskippen yn de ferkearskrite Ljouwert 790. It totale laadfermogen fan 77.997 ton ferdield oer de ferskillende kategoryen yn 1961:

  • tankskippen 3 (laadfermogen 367 ton)
  • frachtskippen 681 (laadfermogen 65.470 ton)
  • skippen foar spesjale doeleinen 106 ( 12.160 ton)

Op 1 jannewaris 1972 wie it laadfermogen fan 145.446 ton sa ferdield:

  • tankskippen 8 (laadfermogen 3050 ton)
  • frachtskippen 713 (laadfermogen 120.581 ton)
  • skippen foar spesjale doeleinen 140 ( 21.807 ton)

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: