Biografyske film

(Trochferwiisd fan Biopic)

De biografyske film of filmbiografy is in sjenre fan films dat de biografy of in diel fan 'e biografy sjen lit fan in persoan dy't wier bestiet of bestien hat. In bekende Ingelske beneaming foar films fan dit soarte is biopic (útspr.: ['ba:i̭oʊpɪk], likernôch: "baaiopik"), in gearlûking fan 'e wurden biographical ("biografyske") en picture ("film"). Biografyske films jouwe oer it algemien it libben fan 'e persoan dy't it ûnderwerp is, wer op in licht dramatisearre wize. Om't sokke films faak geane oer ferneamde persoanen, dy't by it publyk tige bekend binne, wurde haadrollen yn biografyske films beskôge as de dreechste filmrollen dy't akteurs hawwe kinne.

Guon bekende biografyske films binne: Patton, oer de Amerikaanske generaal George S. Patton (spile troch George C. Scott); MacArthur, oer de Amerikaanske generaal Douglas MacArthur (spile troch Gregory Peck); Gandhi, oer de Yndiaaske aktivist Mahatma Gandhi (spile troch Ben Kingsley); Michael Collins, oer de Ierske frijheidsstrider Michael Collins (spile troch Liam Neeson); Walk the Line, oer de Amerikaanske countryleginde Johnny Cash (spile troch Joaquin Phoenix); en Ray, oer de Amerikaanske sjonger Ray Charles (spile troch Jamie Foxx).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.