Blackburn Iris
Blackburn Iris | |
---|---|
Rol | Ferkenner, fleanboat |
Makker | Blackburn Aircraft |
Untwerper | John Douglas Rennie |
Earste flecht | 18 juny 1926 |
Yn tsjinst | 1929 |
Ut tsjinst | 1934 |
Tal makke | 5 |
Brûkers | Royal Airforce |
Farianten |
De Blackburn Iris wie de earste fan Blackburn boude fleanboaten. R.B. stie foar Reconnaissance Boat ('Ferkenningsfleanboat') en wie ornearre foar lange-ôfstânsflechten. De earste ferzje waard noch fan hout makke. De dûbeldekker hie rôlroeren oan alle fjouwer draachflakken en waard troch trije Condor III-motors oandreaun. De ûntwikkeling en bou fan it tastel, dy't it Marine-searjenûmer N185 krige, naam sa'n twa jier yn beslach. Nei de earste flecht op 19 juny 1926, waard it prototype foar testen nei it Marine Aircraft Experimental Establishment yn Felixstowe oerbrocht.
Yn it folgjend jier waard de romp hieledal fan metaal en krige it tastel bettere motors. Yn de jierren dat de Iris by de RAF tsjinne waarden ferbetteringen en modifikaasjes oanbrocht. By de ferzje Iris IV bygelyks dreaun de middelste motor in triuwpropeller oan.
Der waaren mar fiif eksemplaren fan dizze fleanboat makken en tsjin 1934 waard de lêste ôfskaft. De opfolger fan de Iris wie de Blackburn R.B. 3A Perth.
Technyske gegevens
bewurkje seksjeGegevens | R.B.1B Iris III |
---|---|
Langte | 20,54 m |
Spanwiidte | 29,57 m |
Draachflak fleugels | 207,7 m² |
Hichte | 7,77 m |
Oandriuwing | trije Rolls-Royce Condor-IIIB-12V-motors fan 684 hk it stik |
Heechste faasje | 190 km/o op seenivo |
Fleanberik | 1.287 km |
Bemanning | 5 |
Tsjinstplafond | 3.230 m |
Gewicht leech | 8.640 kg |
Startgewicht | 13.376 kg |
Bewapening | Trije 7,7-mm-Lewismasinegewearen, oant 907 kg bommen |
Literatuer
bewurkje seksje- Peter London: British Flying Boats, Sutton Publishing, 2003, ISBN 0-7509-2695-3, s. 99 en folgjenden