Blauferver
In blauferver is ien dy't, bygelyks gebrûk meitsjend fan de kleurstof indigo, klean blau fervet, bg. in pak, oant op it swarte ôf. Klean fervje litte wie goedkeaper as nije klean oanskaffe. Eartiids waard dit in soad dien, meastentiids as men yn de 'rou' wie'. De rouperioade nei it ferstjerren fan in persoan koe wol moannen duorje.
It âlde ambacht wurdt inkeld wolris op braderyen toand.