Blind Faith wie in Britske rockband, yn 1969 oprjochte doe't Eric Clapton (eks-Cream) en Steve Winwood (eks-Traffic) nei it opheffen fan har eigen eardere bands besleaten tegearre wer muzyk te meitsjen. (Earder hiene se tegearre as Powerhouse opnamen makke) Op oanstean fan Winwood waard de âld drummer fan Cream, Ginger Baker der by helle, en mei har trijen dûkten se de studio yn. Ta beslút kaam Family-bassist Rick Grech derby en Jimmy Miller waard frege foar de produksje om sa wat rjochting oan de studioaktiviteiten te jaan.

Blind Faith
band
Blind Faith
Blind Faith
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 19691969
label(s) Polydor
leden
Sang,
Toetsen &
Gitaar
Steve Winwood
Gitaar Eric Clapton
Bas &
Fioele
Ric Grech
Drums &
Perkusje
Ginger Baker

It nijs fan de formaasje fan de nije groep soarge foar hege ferwachtings by it publyk fan de âlde bands Cream en Traffic. Der waard in fergees konsert op priemmen setten en sa koene op 7 juny 1969 yn it Hyde Park yn Londen sa'n 100.000 minsken yn 'e kunde komme mei it noch beheinde rippertwaar fan Blind Faith. It rûn út op in teloarstelling omdat it publyk in fourtsetting fan de muzyk fan de âlde bands ferwachte. Se giene fierder mei de opname fan it album. Se makken dêrnei noch in lytse toer troch Skandinaavje en treden ek noch in pear op yn de Feriene Steaten

De reaksje fan it Amearikaanske publyk wie wakker gelyk oan dy yn Ingelân, en de band fielde him twongen ek nûmers fan Cream en Traffic te spyljen. De druk fan de parse en de kommersje wie grut om as fuortsetting fan superband Cream troch it libben te gean. De bandleden wegeren dat en dûkten Blind Faith fuort nei de Amearikaanske toer wer op.

It iennichste album fan de band ferskynde yn augustus 1969, mei mar 6 nûmers. It útkommen dêrfan joech noch wat opskuor omdat op de hoes in foto stie fan in famke fan 14 mei in bleat boppeliif. Yn Amearika ferskynde it album mei in alternative hoes mei in foto fan de band.

Yn 2001 waard noch in lúkse ferzje fan it album op CD útbrocht mei in tal net earder publisearre nûmers en wat 'jam sesjes'. Fierder binne op in sammel-CD fan Winwood (The Finer Finger) noch stikken fan it konsert yn Hyde Park te hearren.

Keppelings om utens

bewurkje seksje