Boarch Eppstein
De Boarch Eppstein is in ruïne fan in hichteboarch boppe de Hessyske stêd Eppstein yn de Main-Taunus-Kreis, Dútslân. De boarch wie de residinsje fan de hearen Fan Eppstein.
Boarch Eppstein | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Hessen | |
lânkring | Main-Taunus-Kreis | |
plak | Eppstein | |
koördinaten | 50° 8' N 8° 23' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 10e iuw | |
boujier | 14e-15e iuw | |
hjoeddeiske steat | diels yntakt, diels ruïne | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
hjoeddeisk gebrûk | museum | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
eppstein.de | ||
Kaart | ||
Eigners
bewurkje seksjeArgeologysk ûndersyk hat útwiisd dat de boarch yn de 10 iuw stifte waard. De boarch tsjinne as ryksboarch om de grins te beweitsjen en waard yn 1122 foar it earst yn in oarkonde neamd. Al nei twa jier dêrnei skonk keizer Hindrik V de helte oan it aartsstift Mainz, dat wat letter ek de oare helte yn syn besit krige. Oan it begjin fan de 14e iuw ûntstie oan de foet fan de boarch in delsetting, de lettere stêd Eppstein.
Tsjin it ein fan de 12e iuw waard de boarch as lien oan de hearen fan Hainhausen oerdroegen. Dy neamden harrensels tenei, nei de nije wensit, hearen fan Eppstein en makken fan de boarch it sintrum fan harren hearskip. Nei de dieling fan de Eppsteiners yn twa takken wie it kompleks sûnt 1433 yn it besit fan skaai Eppstein-Münzenberg.
Al yn 1492 wiene de Epsteiners fanwegen jildbrek twongen de westlike helte fan de boarch te ferkeapjen oan it Lângreefskip Hessen. Dy liet harren diel sloteftich om- en ferbouwe om it as bestjoerssintrum yn te rjochtsjen. Doe't mei't it ferstjerren fan Eberhard IV fan Eppstein-Königstein yn 1535 de lêste manlike fetsjintwurdiger fan de famylje ferstoar, foel de eastlike helte fan de boarch earst oan de greven fan Stolberg en yn 1581 oan Kar-Mainz ta, dy't fan dêr út it grutte tal besittings út it Eppsteiner erfskip bestjoerde.
Nei de grutte feroarings en de sekularisaasje fan 1803 yn Dútslân krige it Hartochdom Nassau de boarch yn hannen. De Hessyske helte stie al sûnt 1776 leech en wie sadwaande útsloerd en net mear om yn te wenjen. Nassau liet it kompleks dêrom yn 1804 feile en de nije partikuliere besitter sloopte oant 1823 de gebouwen om de frijkommen stiennen as boumateriaal wer te brûken, mei útsûndering fan in gebou yn it easten dat op dat stuit as katolike tsjerke brûkt waard.
De Eastenrykske frijhear Franz Maria fan Carnea-Steffaneo di Tapogliano fan Kronheim en Eppenstein kocht yn 1824 de ruïne oan, om't er by fersin himsels as in neikommer fan de hearen fan Eppstein seach. Franz Maria fan Carnea-Steffaneo ferstoar al yn 1825 en syn neiteam ferkocht de ruïne yn 1869 oan greve Otto fan Stolberg-Wernigerode. Dy syn soan, Christian-Ernst fanu Stolberg-Wernigerode, liet de resten fan it kompleks ûnder lieding fan arsjitekt Franz Burkhard renovearje om it kompleks yn 1929 oan de stêd Eppstein te skinken.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske boarch datearret foar it measte út de 14e en 15e iuw. Karakteristyk is de rûne toer fan it kompleks. De ûnderbou is fjouwerhoekich en yn de toer binne flakke koepelferwulften bewarre bleaun. Fan de oarspronklik 33 meter hege toer is no 24 meter oerbleaun. Heech yn de toer binne noch twa yngongen te sjen, dy't mei de daken fan de eastlik oangrinzgjende gebouwen en de souder fan it súdlik oansletten paleis wiene ferbûn.
Fan it paleis binne allinne wat resten fan de twa ûnderste ferdjippings bewarre bleaun. It hie fjouwer ferdjippings en datearret lykas de toer út de 14e iuw.
Better bewarre is de keuken, dy't eastlik op de toer oanslút. Fan de sûnt 1500 troch Kar-Mainz fuort oan de ringmuorre boude gebouwen steane noch de bûtengevel en in diel fan de gevel nei de binnenhôf ta. Op de flier wie dêr oarspronklik de kemenate, it frouljusferbliuw.
De boarch hat twa yngongen. De eastlike leit oer in brêge oer de grêft, wylst de haadpoarte yn it westen oer in steil paad te berikken wie.
Fan de ferdigeningsmuorren binne resten oerbleaun. Fan de twa súdlike ferdigeningstuorren is ien bewarre bleaun, de saneamde "Bettelbub" (Biddelersjonge). De namme fan de toer is te tankjen om 't de kelder fan de toer brûkt waard as finzenis foar minsken dy't harren skulden net betellen.
It iennige noch folsein bewarre diel fan de boarch is yn it eastlike diel. It Mainzer Slot waard troch Kar-Mainz boud en hie sûnt 1765 ek noch in kapel. Oan it feit dat dat gebou noch oant 1903 brûkt waard is it te tankjen dat it gebou net lykas oare gebouwen as stiengroeve ôfbrutsen waard.
Gebrûk
bewurkje seksjeSûnt 1826 tsjinnet it bêste gebou fan de boarch as museum. Dêrnjonken wurde der tusken de ruïnes eveneminten holden, lykas bygelyks de Eppsteiner Burgfestspiele, dy't sûnt 1913 ienris yn 't jier holden wurde.
De troch in nij dak en finsters wer te brûken kemenade kin foar útstallings hierd wurde. De romte wurdt foar de stêden Eppstein en Kelkheim ek as troulokaasje brûkt.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Eppstein Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|