Boarchmole
De Boarchmole is in poldermole noardeast fan Grou.
De Boarchmole waard yn 1895 boud foar de bemealling fan de eardere polder De Nije Borgkrite. It is in greinen achtkante mole, dekt mei reid, mei stiennen fjildmuorren. Sûnt 1954 kin er net mear mealle. Troch it tichtsmiten fan de boezemsleat kaam de mole hieltiten skeaner te stean en kaam it fuortbestean derfan yn gefaar. In 2008 waard yn opdracht fan de eardere gemeente Boarnsterhim, dy't de mole yn eigendom hie, mei in restauraasje fan de mole begûn. Dêrby waard de mole ek sawat oardel kilometer fersetten. Nei foltôging fan it wurk sil de mole wer folslein mealree wêze.
Keppeling om utens
bewurkje seksje