Bockscar, ek wol Bock's Car of Bocks Car (44-27297) is de namme fan de Amerikaanske Boeing B-29 Superfortress-bommesmiter dy't yn de Twadde Wrâldoarloch op 9 augustus 1945 de twadde atoombom mei de namme Fat Man op Nagasaki smiet. De namme slacht op de efternamme fan de oarspronklike piloat fan it tastel, Kapt. Frederick C. Bock en in Amerikaanske tichte wagon (boxcar).

De Bockscar
Fatman

Bock fleach dy deis lykwols net. De bemanning bestie op dy missy út:

  • Maj. Charles W. Sweeney, piloat
  • Kapt. James Van Pelt, navigator
  • Kapt. Raymond "Kermit" Beahan, bommerjochter
  • 1st. Lt. Charles Donald Albury, ko-piloat
  • 2nd Lt. Fred Olivi, ko-piloat
  • Kpl Abe Spitzer, radio operateur
  • Master Sgt. John D. Kuharek, boardwurktúchkundige
  • Staf Sgt Ray Gallagher, skutter, assistint boardwurktúchkundige
  • Staf Sgt Edward Buckley, radar operateur
  • Sgt. Albert Dehart, sturtskutter
  • Cmdr. Frederick L. Ashworth, wapenofsier en skutter;
  • Lt. Philip Barnes, assistint skutter;
  • Lt. Jacob Beser, radio counter measures;

De oarspronklike bemanning fan Bockscar fleach dy dei in oare B-29, de The Great Artiste, dy't tarist wie mei ynstruminten om de gefolgen fan de atoombomaanfal te mjitten.

De Bockscar is te besjen by it National Museum of the United States Air Force, yn Dayton (Ohio).

Keppeling om utens

bewurkje seksje