Boeing-Stearman Model 75
Boeing-Stearman Model 75/Kaydet | |
---|---|
Rol | Lesfleanmasine, sportfleantúch |
Makker | Stearman Aircraft/Boeing |
Untwerper | Harold Zipp en Jack Clark |
Earste flecht | 29 novimber 1934 |
Yn tsjinst | 1936 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | > 10.620 (1936 oant 1944) |
Brûkers | |
Farianten |
De Boeing-Stearman Model 75, ek bekend as Boeing Stearman of (Stearman) Kaydet, is in Amerikaanske twapersoans twadekker lesfleanmasine. Yn de jierren tritich en fjirtich fan de 20e iuw waarden der skraachwurk 10.000 fan makke. De Stearman Kaydet waard boud troch de Stearman Aircraft Corporation dy't yn 1934 in dochterûndernimming fan Boeing waard.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard it tastel troch de United States Air Force as lesfleantúch brûkt. Nei de oarloch waarden de Stearmans sportfleantúch of omboud ta sproeifleantúch foar it bestriden fan ûngedierte en ûntúch yn de lânbou.
Technyske spesifikaasjes
bewurkje seksjeFeiten | |
---|---|
Bemanning | Twa (learling en ynstrukteur) |
Spanwiidte | 9,8 m |
Langte | 7,63 m |
Hichte | 2,8 m |
Oarspronlike motor | Ien Continental R-670 sânsilinder, luchtkuolle radiaalmotor fan 164 kW (220 hk) |
Leechgewicht | 880 kg |
Maks. startgewicht | 1230 kg |
Topfaasje | 200 km/o |
Krúsfaasje | 155 km/0 |
Klimfaasje | nei 3.330 m yn 17,3 min |
Fleanberik | 480 km |
Plafond | 4.024 m |
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boeing Stearman fan Wikimedia Commons. |