Boeing Model 1
Boeing Model 1 B & W Seaplane | |
---|---|
Rol | Postfleanmasine, trener |
Makker | Boeing |
Untwerper | William Edward Boeing George Conrad Westervelt |
Earste flecht | 15 juny 1916 |
Yn tsjinst | 1916 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 2 (1916) |
Brûkers | Fleanskoalle fan Nij-Seelân |
Farianten | gjin |
De Boeing Model 1 of B & W Seaplane wie in Amerikaansk wetterfleantúch mei ien motor. It wie it earste produkt fan Boeing en krige de inisjalen fan syn ûntwerpers, William Boeing en George Conrad Westervelt yn de namme.
Untwerp
bewurkje seksjeDe earste B & W wie klear yn juny 1916 en waard boud yn Boeings boathûs-hangaar op Lake Union yn Seattle, Washington. It tastel wie fan hout, beklaaid mei linnen en hie lûktriedden. Hy like in protte op it Martin-trainingsfleantúch dat Boeing besiet, mar de B & W hie bettere driuwers en in sterkere motor. De earste B & W krige de namme Bluebill en de twadde Mallard. Sy fleagen foar it earst op 15 juny 1916 en letter yn novimber nochris.
Skiednis
bewurkje seksjeDe twa B & Ws waarden foarlein oan de United States Navy. Nei't de Marine se net hawwe woe, waarden se ferkocht oan de New Zealand Flying School en waarden sadwaande de earste ynternasjonale ferkeap fan it bedriuw. Op 25 juny 1919 festige de B&W in Nij-Seelânsk hichterekord fan goed 1.980 meter. De B & Ws makken de earste offisjele loftpostflecht fan Nij-Seelân op 16 desimber 1919.
Earder brûker
bewurkje seksje
Technyske gegevens
bewurkje seksjeSpesifikaasjes | |
---|---|
Motor | Hall-Scott-A-5-6-sylinder-linemotor |
Fermogen | 93 kW |
Langte | 8,38 m |
Spanwiidte | 15,86 m |
Fleugeloerflak | 53,9 m² |
Gewicht leech | 953 kg |
startgewicht | 1270 kg |
Heechste faasje | 121 km/o |
Krúsfaasje | 108 km/o |
Klimfaasje | 3,56 m/s |
Maks. fleanhichte | 1.981 m |
Fleanberik | 518 km |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|