It boethúske yn Moddergat is in bygebouke, boud yn de 18e iuw,, dêr't fiskers eartiids harren netten opburgen.

It Boethúske, Oere 36 yn Moddergat
Boethúske

Oan de Oere 36 yn Moddergat stiet noch in bewarre bleaun boethúske. Dit type húske hie meardere funksjes. It waard brûkt as bewarplak foar de fiskersnetten, mar ek as stookhutte en as ieshokje, dat wol sizze as bewarplak foar ies om mei te fiskjen. It boethúske iyn Moddergat is festaurearre en hearde by Klaskes húske, neamd nei Klaske van der Lei, de lêste bewenster fan it pân. Beide geboukes binne ûnderdiel fan it Museum 't Fiskershúske yn Moddergat. It boethúske is erkend as ryksmonumint. In replika stiet yn it Suderseemuseum yn Inkhuzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kuipers, Maaike Paesens-Moddergat, útjouwerij Noord-Nederlands Bureau voor Toerisme, 2e printinge, Drachten, 2000, ISBN 90 73845 55 6
  • Stenvert, Ronald (et al.) (2000) Monumenten in Nederland. Fryslân, uitg. Wanders, Zwolle Paesens-Moddergat (gemeente Dongeradeiel)
  • Berg, Herma M. van den (1983) Noordelijk Oostergo. Dongeradelen Moddergat
  • Hillebrand, Paul "Moddergat De Oere, veertig huizen en hun verleden", Moddergat, 2011
  • Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed Moddergat