In bok is in houten pream mei in platte boaiem en in lingte fan goed 12 meter. In bok waard brûkt yn de Fryske feanstreken foar ferfier fan turf of hea en troch boeren om guod mei te ferfieren.

Mei in bok wurdt as regel net syld. It fartúch wurdt fan de wâl ôf treaun mei in boom (trilkje). Yn De Knipe hat noch lang in werf foar bokken west. Der stiet as earebetoan noch in bok opsteld yn De Knipe oan de feart rjochting Bontebok.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bok.