Boksen

(Trochferwiisd fan Bokswedstryd)

Boksen is in taktyske fjochtsport dêr't ringynsjoch, de koördinaasje fan fuotten, eagen en hannen en lichaamlike kondysje sintraal yn steane. Twa tsjinstanners besykje punten te skoaren troch elkoar op de goede trefflakken te reitsjen, of te winnen op bygelyks in Knock-Out. Dat kin troch inkele stjitten of in kombinaasje fan ferskillende stjitten; de direkte stjit, de opstjit en de hoeke. Krêft is likegoed needsaaklik as kleare snelheid om in tsjinstanner gau en hurd reitsje te kinnen. Neist it tradisjonele manljusboksen wurde ek bokskampioenskippen foar froulju hâlden.

In bokswedstriid tusken profboksers Ricardo Domínguez (links) en Rafael Ortíz

Wedstriidferrin

bewurkje seksje
 
Twa boksers fan de Amerikaanske loftmacht by in toernoai yn 2004

In bokswedstriid giet oer meardere rondes fan inkele minuten. It oantal rondes hinget ôf fan it type wedstriid (amateur, profesjoneel en/of kampioenskip). Elke wedstriid wurdt lieden troch in skiedsrjochter, dy't mei de dielnimmers yn de ring stiet. In sjuery jout punten; wa't de tsjinstanner knock-out (KO) slaat of de measte punten hellet hat wûn.

Tiidsferrin by it Olympysk boksen:

  • N-klasse: 3x2 minuten
  • C-klasse: 3x2 minuten
  • B-klasse: 3x3 minuten
  • A-klasse: 3x3 minuten

Der wurdt by de measte amateurbokswedstriden wurke mei de "box-pointer". De boxpointer is in kompjûtersysteem dat de punten telt as de sjuery-leden op harren kastke drukke foar in bepaalde bokser (reade of blauwe hoeke). As der meardere sjueryleden, 3 fan de 5 of mear, op itselde momint drukke wurdt der in punt takend. As it punteferskil foar de lêste ronde oprint oant boppe de 20 by de manlju of boppe de 15 by de froulju, wurdt de wedstriid staakt en is de bokser dy't efter stiet "overclassed".

De amateur wedstriidboksers wurde ûnderferdield yn alve gewichtsklassen:

  1. lichtfleangewicht: o/m 48 kg (L.Vl.)
  2. fleangewicht: o/m 51 kg (Vl.)
  3. bantamgewicht: o/m 54 kg (B.)
  4. federgewicht: o/m 57 kg (V.)
  5. lichtgewicht: o/m 60 kg (L.)
  6. lichtweltergewicht: o/m 64 kg (L.W.)
  7. weltergewicht: o/m 69 kg (W.)
  8. middengewicht: o/m 75 kg (M.)
  9. healswiergewicht: o/m 81 kg (H.Z.)
  10. swiergewicht: o/m 91 kg (Z.)
  11. superswiergewicht+ 91 kg (S.Z.)

De froulju wedstriidboksers wurde ûnderferdield yn fjirtjin gewichtsklassen, te witten:

  1. o/m 46 kg
  2. o/m 48 kg
  3. o/m 50 kg
  4. o/m 52 kg
  5. o/m 54 kg
  6. o/m 57 kg
  7. o/m 60 kg
  8. o/m 63 kg
  9. o/m 66 kg
  10. o/m 70 kg
  11. o/m 75 kg
  12. o/m 80 kg
  13. o/m 86 kg
  14. 86+ kg

Dêrneist binne wedstriidboksers ek ûnderferdield yn klassen. Yndieling Seniorboksers:

  • Senior N(nijelingen)-klasse; binne de senioaren, dy't noch gjin 3 wedstriden wûn hawwe;
  • Senior C-klasse; binne de senioaren, dy't 3 o/m 7 wedstriden wûn hawwe;
  • Senior B-klasse; binne de senioaren, dy't 8 o/m 12 wedstriden wûn hawwe;
  • Senior A-klasse; binne de senioaren, dy't 13 of mear wedstriden wûn hawwe.

Elke klasse hat yn elke gewichtskategory in eigen kampioen. Sjoch ek fieding by gewichtsklassesporten

Prof-boksers wurde ûnderferdield yn de gewichtsklassen:

  1. Super Fly: 115 lbs 52.16 kg
  2. Bantam: 118 lbs 53.52 kg
  3. Super Bantam: 122 lbs 55.34 kg
  4. Feather: 126 lbs 57.15 kg
  5. Super Feather: 130 lbs 58.97 kg
  6. Light: 135 lbs 61.23 kg
  7. Super Light: 140 lbs 63.50 kg
  8. Welter: 147 lbs 66.68 kg
  9. Super Welter: 154 lbs 69.85 kg
  10. Middle: 160 lbs 72.57 kg
  11. Super Middle: 168 lbs 76.20 kg
  12. Light Heavy: 175 lbs 79.38 kg
  13. Cruiser: 190 lbs 86.18 kg
  14. Heavy: +190 lbs + 86.18 kg

Ek by de profesjonals hat elke gewichtsklasse in eigen kampioen.

Klaaiïng en beskerming

bewurkje seksje

Boksers binne ferplicht bokswanten te dragen en ek de oare klean is oan foarskriften bûn. Foar amateurboksers is in bokshelm ferplicht. By wedstriden yn it Olympysk boksen is it dragen fan in hollebeskermer en wanten dy't troch de AIBA (Association Internationale de Boxe Amateur) goedkard binne, ferplicht, dy hawwe in AIBA-stimpel. Ek binne boksers ferplicht om in bitsje yn te dwaan. Dat beskermet de kaken en de tosken. Ek wurdt meastal it brûken fan bandaazje oanrikkemandearre. Dat is foar de fersteviging fan de polsen en foar de beskerming fan wichtige bonkjes yn de hân. Op in sek moatte spesjale wanten brûkt wurde, de saneamde sekwanten. Foar gefjochten wurde stjitwanten brûkt, dy 't wat grutter en sterker binne. Meastal wurde der yn in wedstriid stjitwanten brûkt mei fiters. Dêrtroch bliuwt de wante op syn plak en kin dy better oanlutsen wurde. It gewicht fan de wedstriidwanten is 10 oz, dat stiet lyk oan 0.284 kg. Wanten dy't op de trening brûkt wurde wage meastal 14 of 16 oz, dat is 0.397 of 0.455 kg.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: