Bolsward is in skûtsje dat foar de stêd Boalsert meidocht oan it SKS-skûtsjesilen. Sylt sûnt 1962 mei as partikulier skip fan kleurryk skipper Siete Meeeter. Hy kaam yn it plak fan Tjitse Walstra dy't as lid wipt waard en kocht in skûtsje út Swol fan de beppe fan âld-bemanningslid Gerrit van der Vaart. Dêrfoar stie Siete as fokkenist op it skûtsje fan broer Loadewyk Meeter. Siete sylde earst foar de Ljouwerter kommisje dat it skûtsje letter oankocht. Siete hâlde him net sa gau stil en benammen mei de Meeters gie it der ferbaal faak hurd om ta.
Yn 1965 krige Siete spul mei de Ljouwerter kommisje en Siete kocht sels in nij skûtsje, en neamde it Pieter, nei Pieter van Vollenhove, de man fan prinses Margriet. It skûtsje de ‘Pieter’ en letter de ‘Bolsward’, waard yn 1910 yn opdracht fan Popke Steigenga fan Starum boud. It hjitte doe de ‘Vier Gezusters’. De oarspronklike eigener wûn der tusken 1912 en 1917 al wedstriden mei. Letter gie Siete foar Boalsert farren, mar it skip bleau hieltiten yn partikuliere hannen. It seilteken feroare yn 1973 fan SM yn de B fan sponsor de stêd Boalsert.
It skûtsje waard yn 1977 langer makke. Yn 1978 en 1987 waard de Pieter kampioen. Yn 1991 droech Siete om gezondheidsredenen it helmhout oer oan syn soan zoon Eldert. Dizze kaam doe oars wol mei in nij skûtsje, de ‘Vriendschap’.
It skûtsje ‘De Vriendschap’ wie yn 1911, doe't Teakle Engelsma it krige, mei syn 23 ton al te lyts. Yn 1929 waard it ferlinge nei 35 ton. It waard yn dy tiid as frachtskip brûkt troch Piter Jasper. Letter is it brûkt foar de plezierfeart, oant 1991 doe't it wer foar de skûtsjewedstriden klear makke waard. Yn 2004 is de Vriendschap wer omruile foar de "Bolsward"
- 1965–1973 de “Pieter” 38 ton (Roorda Drachten, 1910)
- 1973-1990 de “Bolsward” 43 ton (Roorda Drachten 1910)
- 1991–1996 de “Vriendschap” 43 ton (Roorda Drachten, 1911)
- 1997–no "Bolsward"
- 1962-1989 : Siete Meeter
- 1990 : Siete Meeter / Eldert Szn Meeter
- 1991 : Eldert Szn Meeter / Siete Esz. Meeter
- 1992 : Eldert Szn Meeter / Pieter Esz. Meeter
- 1993-2006 : Eldert Szn. Meeter
- 1989-no : Pieter Eildertsz Meeter
Oantal |
Skipper |
Kampioen yn
|
2 |
Siete Meeter |
1978 - 1987
|
1 |
Eldert Meeter |
2004
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|