Boris- en Glebkatedraal (Tsjernihiv)
De Boris- en Glebkatedraal (Oekraynsk: Борисоглібський собор, Russysk Борисоглебский собор Borisoglebski sobor) is in ier 12e-iuwske otterdokse tsjerke yn de Oekraynske stêd Tsjernihiv. De katedraal is wijd oan de hillige martlers Boris en Gleb.
Boris- en Glebkatedraal
Борисоглібський собор | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Tsjernihiv | |
plak | Tsjernihiv | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 12e iuw |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn it regear fan de foarst Davyd Svjatoslavovitsj (1097–1123) boud. Nei de Mongoalske plondering ûnder Batû Khan yn 1239 waard de tsjerke yn de twadde helte fan de 13e iuw restaurearre. De tsjerke rekke op 'e nij skansearre by de oermastering fan de stêd troch Poalen-Litouwen yn 1611. Sûnt 1628 brûkten roomske Dominikanen it gebou as kleastertsjerke, oant yn 1649 de otterdoksen de tsjerke wer yn gebrûk namen.
Yn 1659, 1790-1805 en 1857 fûnen der feroarings oan it gebou plak.
De katedraal waard yn de Twadde Wrâldkriich foar in grut part ferneatige. De skansearrings yn de Twadde Wrâldkriich waarden tusken 1948 en 1955 ferholpen. By dy restauraasje waard de katedraal op basis fan 20e-iuwsk ûndersyk rekonstruearre yn de oarspronklike steat.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe Boris- en Glebkatedraal is in kompakte tsjerke mei in rjochthoekich grûnplan en in eastlike oriïntaasje en folget it skema fan in otterdokse krúskoepeltsjerke neffens byzantynsk foarbyld. Seis pylders ferdiele de tsjerke yn trije skippen mei trije apsiden yn it easten. Oan de westlike kant fan de tsjerke slút in smelle narteks oan. De skippen binne oerwulve mei tonferwulften en wurde oan de noardlike, westlike en súdlike kant mei healrûne gevels ôfsletten. Boppe de krusing fan de tsjerke riist in hege koepel boppe it gebou út. De healrûne gevels dy't yn de as fan de koepel lizze binne heger as de oare gevels.
De fasades wurdt fierder troch lisenen en yn de muorre yntegrearre healpylders ferdield, dy't dekorearre kapitelen mei planten en fabelbisten besitte. Smelle en hege finsteriepenings en bline nissen yn it boppediel trochbrekke de fasade. Under de daklist fan de rûne gevels en de dakken fan de absiden rint in rûnbôgefries.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Boris-und-Gleb-Kathedrale (Tschernihiw)
|