Bornholm is in gemeente yn Denemark dy't it eilân Bornholm omfiemet. De gemeente leit súdlik fan Sweden en noardlik fan Poalen en ûntstie op 1 jannewaris 2003, doe't de fiif gemeenten fan Bornholm, Allinge-Gudhjem, Hasle, Nexø, Rønne en Aakirkeby, gearfoege waarden ta ien gemeente. Fan 1 jannewaris 2003 oant 31 desimber 2006 tsjinne de gemeente ek as provinsje. Sûnt 1 jannewaris 2007, doe't de provinsjes waarden opheven, makket Borholm diel út fan de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden).
Bornholm
|
|
flagge |
wapen
|
|
|
lokaasje
|
|
polityk
|
lân |
Denemark
|
regio |
Haadstêd
|
boargemaster |
Winni Grosbøll
|
sifers en geografy
|
haadplak |
Rønne
|
ynwennertal |
39.632 (2018)
|
oerflak |
589,16 km²
|
skiednis
|
oprjochte |
2003
|
oar
|
tiidsône |
UTC +1
|
simmertiid |
UTC +2
|
webside |
www.brk.dk
|
De eilannenarsjipel Ertholmene noardeastlik fan Bornholm hearre net by de gemeente, dy falt nammentlik ûnder it direkte bestjoer fan it Deenske Ministearje fan Definsje.
De befolking fan de gemeente Bornholm rint sûnt 1965 stadich werom. Yn 2014 sakke it ynwennertal foar it earst sûnt 100 jier ûnder de 40.000. Op 1 jannewaris 2018 bedroech it ynwennertal 39.632.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|