Bouillon (België)
Bouillon (Waalsk: Bouyon; âlde Nederlânske namme: Bullioen) is in stêd yn de Belgyske provinsje Lúksemboarch. De stêd hat benei 5500 ynwenners en is diel fan it arrondissemint Neufchâteau.
Bouillon (België) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | België |
Provinsje | Lúksemboarch |
Arrondissemint | Neufchâteau |
Sifers | |
Ynwennertal | 5.413 (2014) |
Oerflak | 149,09 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 36,31 / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Hichte | 383 m |
Oar | |
Webside | Webstee gemeente |
It stedsbyld fan Bouillon wurdt behearske troch in midsiuwske boarch, it kastiel fan Bouillon fan Godfried fan Bouillon. De stêd lûkt in soad toeristen; simmerdeis is der in protte kampeartoerisme oan de rivier de Semois, dy't om it âlde sintrum rint.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeOm reden fan syn strategysk plak oan de hannelswei tusken it Dútske Eifelgebiet en it Frânske Sjampanje hat Bouillon sûnt de Midsiuwen in wichtich plak west. Yn het jier 988 waard it kastiel fan Bouillon foar it earst neamd yn in brief oan Godfried I, greve fan Verdun fan syn broer, aartsbiskop Adalberon fan Reims. De bekendste bewenner fan de stêd wie de krúsridder en hearsker oer it Keninkryk Jeruzalen Godfried fan Bouillon.
Bouillon wie iuwenlang in lyts hartochdom, dat ôfwikseljend ûnder bewâld fan Frankryk en it prinsbisdom Luik foel. Yn 1794 waard de Republyk fan Bouillon útroppen, dy't in skoftke letter troch Frankryk ûnder Napoleon Bonaparte anneksearre waard.
Nei de delfal fan Napoleon, waard de stêd oan Nederlân jûn by it in the Ferdrach fan Parys yn 1815. Sûnt de revolúsje fan 1830 heart Bouillon by Belgje.
Kearnen yn de gemeente
bewurkje seksjeDe gemeente bestiet neist it plak Bouillon noch út de dielgemeenten Bellevaux, Corbion, Dohan, Les Hayons, Noirefontaine, Poupehan, Rochehaut, Sensenruth, Ucimont en Vivy. Fierders hat de gemeente noch in rige lytsere doarpen: Botassart (yn Ucimont), Curfoz (Sensenruth), Frahan (Rochehaut) en Mogimont (Vivy).
It besjen wurdich
bewurkje seksje- It Hotel de la Poste is in âld hotel dêr't Napoleon III op 3 septimber 1870, nei't er de Slach by Sedan tsjin de Prusen ferlern hie, ferbleau.
- It Kastiel fan Bouillon út 8e iuw. Yn 1082) ferkeapet Godfried fan Bouillon it kasteel oan de prins-biskop fan Luik foar 3 goudmark en 1300 sulverenmark. Mei dat jild woe er de Earste Krústocht stypje.
- It Musée Ducal
- Bistepark Parc animalier de Bouillon
- In stikmannich patrysjerswenten binne monuminten
- De Sint-Petrus en Paulustsjerke
- It stedhûs fan Bouillon
-
De Semois en it kastiel
-
Belvédère op de Côte d'Auclin
-
De Sint-Petrus en Paulustsjerke
-
It stedhûs