De brânreade (Nederlânsk: brandrode) ko is in seldsum Nederlânsk koweras. It is in meardoeleko.

Brânreade kij op bûtenpleats Leusveld

It ras hat syn namme te tankjen oan de djipreade of reabrune kleur fan de facht. Oare skaaimerken binne de blauwe tonge, noas en eachrânen, it wite plak op de kop en de wite ûnderpoaten, bûk en sturtpunt. De bisten wage tusken de 500 en 600 kilogram. It brânreade hoarnbist is frijwat seldsum. Om 2000 hinne wiene der noch mar tsientallen fan yn Nederlân. Der wurdt besocht troch fokprogramma's it tal te fergrutsjen. Yn 2010 wie it tal omheech gien nei 400, neffens Natuermonuminten. Anno 2015 libje der, neffens de feriening fan de brânreade ko, sa'n tûzen brânreade hoarnbisten yn Nederlân.

Fierder lêze

bewurkje seksje