Breuil-Cervinia

Breuil-Cervinia is in lyts doarp yn it noarden fan Itaalje. It heart ta de gemeente Valtournenche. Breuil is de Frânske namme en Cervinia de Italiaanske namme fan it doarp; de kombinaasje fan beide nammen betsjut sokssawat as 'sompich gebiet by de Matterhorn'.

Matterhorn
Utsjoch fan Breuil Cervinia op de Matterhorn.

It plak leit op in hichte fan 2003 m. en is in bekend fakânsje-oarde, foaral in wintersportbestimming. Fan de twadde helte 19e iuw ôf begûn it beklimmen fan de Matterhorn út Breuil-Cervinia wei.