Broch

Wikimedia-betsjuttingsside

In broch is in rûne, stiennen toer, mei dûbele muorren, fan soms goed 10 meter hichte. De bouwurken stamje út de Izertiid. Harren doel is net bekend. De measte brochs binne te finen op de Orkney-eilannen, Sjetlâneilannen en de lânsdouwe Caithness yn Skotlân.

Kriten dêr't brochs foarkomme

De âldste brochs datearje faak al fan 600 f.Kr.[1][2] De measte brochs waarden lykwols boud tusken 100 f.Kr. en 100 nei Kr.[2] De Pikten wennen foar in grut part yn deselde kriten as de bouwers fan de brochs. De brochs kinne lykwols net oantsjut wurde as Pictic towers,[3] sa't guonts wol hawwe wolle. De âldste fernijing fan de Pikten is nammentlik earst út 297 nei Kr. dat de Pikten kinne heechút as neisieten fan de broch-bouwers sjoen wurde.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. I. Armit, Towers in the North - The Brochs of Scotland, s. 33.
  2. 2,0 2,1 J.N.G. Ritchie, Brochs of Scotland, pagina 5.
  3. 3,0 3,1 J.N.G. Ritchie, Brochs of Scotland, s. 43.