In brulloftsfers of brulloftsdicht is in fers dat ta eare fan in houlik skreaun wurdt en by gelegenheid fan in brulloft songen of foardroegen wurdt[1].

It brulloftsfers waard sûnt de 16e iuw moade. It âldste Nederlânske fers út 1558 wurdt yn Gint bewarre. Vondel skriuwt syn earste brulloftsfers yn 1605 en dan komt Fryslân mei Woutir in Tialle (1609). Wierskynlik is Ansck in Houck út deselde tiid. It fraaiste brulloftsfers is Tsjerne fan Gysbert Japicx. Dit brulloftsfers wie yn it earstoan bedoeld foar de hegerein mar waard al rillegau ek troch oaren brûkt. Yn de 17e en 18e iuw ferskynden brulloftsfersen sels by ûnbekende drukkers. It wurdt noch wol dien mar net folle mear yn dramatyske foarm.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Bruiloftsvers.
  • Inleidingen bij Ansck in Houck (1935), útjouwerij J.H. Brouwer en W.G. Hellinga -
  • Woutir in Tialle, útjouwerij J.H. Brouwer (1939)
  • Het Boek (1936)
  1. Frysk Hânwurdboek, brulloftsfers/brulloftsdicht