George "Buddy" Guy (Lettsworth (Louisiana), 30 july 1936) is in Amerikaanske blues- en rockgitarist en sjonger dy't fiif Grammy Awards hat wûn. Hy is bekend om de ynspiraasje te wêzen fan Jimi Hendrix, Stevie Ray Vaughan, Eric Clapton, en oare ferneamde bluesgitaristen fan 'e jierren 60.

Buddy Guy

Guy groeide op yn Louisiana en begûn yn syn jongerein gitaar te spyljen. Syn ynspiraasje wie Muddy Waters. Yn 'e iere fyftiger jierren begûn er op te treden mei bands yn Baton Rouge. Yn 1957 ferhuze er nei Chicago, en yn 1958 krige er in opnamekontrakt. Hy hat sûnt in protte albums útbrocht ûnder ferskate labels.

Guy waard yn 2005 opnommen yn 'e Rock and Roll Hall of Fame en de Musicians Hall of Fame yn 2014.