CRAFT (earder it Klein Brouwerij Collectief (KBC)) is in brancheferiening fan Nederlânske bierbrouwerijen. CRAFT bestiet fan 2003 ôf oan en is sûnt waakst ta it grutste gearwurkingsferbân fan bierbrouwerijen (mei en sûnder eigen tsjettels) yn Nederlân.

Oant de nammewiziging yn desimber 2016 hjitte de feriening it Klein Brouwerij Collectief. De goed 150 leden fan CRAFT binne allegear ûndernimmingen dy't har dwaande hâlde mei de ûntwikkeling, produksje en ferkeap fan bier neffens eigen reseptuer. De feriening biedt in platfoarm foar útwikseling fan kennis en ûnderfining oer de branche. De feriening promoatet en behertiget de belangen fan har leden foar de merk, media en polityk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: