Tintsje-beamke
Tintsje-beamke, ek wol Tinten en Beammen of Campingpuzel is in logyske puzel. It fjouwerkante diagram fan tintsje-beamke stelt in camping foar. Op sommige fekjes steane beammen. De nûmers oan de boppe- en ûnderkant fan it diagram jouwe oan hoefolle tinten der yn de byhearrende rige of kolom steane. De puzel kin online en op papier makke wurde. De puzels kinne fariëarje yn grutte en swierrichheid.
Opjefte
bewurkje seksjeIt is waarm en de camping stiet fol mei gasten. Eltsenien wol in plakje yn it skaad fan in beam. De beammen steane ferspraat op it terrein, mar nimmen stiet graach te ticht by syn buorlju. De campingbehearder siket by elke beam in plak foar in tinte. Sa hat elke tinte syn eigen beam. It kampearplek moat foldwaan oan ûndersteande easken:
- Der binne likefolle tinten as beammen.
- In tinte mei wol njonken oare beammen stean.
- Tinten reitsje inoar noait: noch horizontaal, noch fertikaal, noch diagonaal.
- In tinte kin kontakt meitsje mei meardere beammen, mar is mar mei ien direkt ferbûn.
- It oantal tinten yn elke rige en kolom moat oerien komme mei de nûmers op de rânen fan it ruster.
Strategy
bewurkje seksjeMei logysk neitinken fuortendaliks al in tal fekjes as 'gers' markearre wurde (weistreke)[1]:
- Rigen/kolommen mei it sifer 0
- Fekjes dy’t net horizontaal of fertikaal oan in beam grinzje
- Fier fan in beam lizzende fekjes
- Fekjes dy’t inkeld diagonaal ferbûn binne mei in beam
- Rigen/kolommen dêr’t alle tinten al steane
- Soms moatte in tal boppesteande regels werhelle wurde om de puzel folslein op te lossen
- At in beam meardere opsjes foar it delsetten fan in tinte hat, mar dat alle opsjes it foar in bepaald fek ûnmooglik meitsje om dêr in tinte del te setten.
Sûnt 1989
bewurkje seksjeDe puzel waard betocht troch de Nederlanner Léon Balmaekers en waard yn 1989 foar it earst publisearre yn it Nederlânske puzelblêd Breinbrekers, ûnder de namme "Alle ballen verzamelen".[2][3][4] Farianten op it tema tintsje-beamke binne houtkaper-beammen, finzene-sipier, bijen-blommen en it jaan fan coronafaksins.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|