Camstrahûs
It Camstrahûs stiet oan de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert. It hjoeddeiske hûs waard yn ferskillende fazes boud tusken 1777 en 1806 en wurdt no partikulier bewenne.
Ien fan de fjouwer djippe adelshuzen oan de súdkant fan de Grutte Tsjerkestrjitte emi in foarplein oan de sykkant wie it, yn de 17e iuw as Camstrahûs bekend staande, hûs nûmer 18. It hiem wie oant 1591 eigendom fan Adriaen fan der Geest, dy't it fan syn skoanheit erfd hie. Yn dat jier waard it oangekocht troch Biuck fan Cammingha, widdo fan Goffe fan Aebinga dy't wy yn 1565 noch as eigener fan it oanswettende Aebingahûs (nrs. 14 en 16) tsjinkomme. It Camstrahûs ferervet oant 1899 oan in soad neisieten fan Goffe en Biuck en harren sibben.
Bewenners
bewurkje seksje- - 1591 Adriaen fan der Geest
- Biuck fan Cammingha, widdo fan Goffe fan Aebinga
- famylje Fan Camstra
- 1683 Tjalling fan Camstra en syn frou Foockel fan Burmania
- - 1760 Arent fan Haersolte
- - 1801 Fokel Helena van Burmania
- Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (hierder)
- famylje Van Beyma
- famylje Van Harinxma thoe Slooten
- 1899 - 1925 J. Komter
- 1925 - ± 1990 Utjouwerij Jongbloed c.v.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|