Caproni Ca.60
De Caproni Ca.60 (offisjeus ek wol Capronissimo of Noviplano en Caproni Triple Triplane neamd) wie in Italiaanske gigantyske fleanboat út 1921. It wie in ûntwerp fan loftfeartpionier Giovanni Battista Caproni.
It tastel mei njoggen wjukken wie in prototype foar in trans-Atlantysk fleantúch mei in kapasiteit fan maksimaal 100 persoanen. It tastel hie acht motoaren, trije kear trije wjukken en twa driuwers oan elke kant foar stabiliteit.
Der waard mar ien eksimplaar boud troch Aero-Caproni. It tastel makke de twadde testflecht op 4 maart 1921 fan it Lago Maggiore ôf yn Italië, berikte in hichte fan 18 meter, stoarte doe del en bruts yn twa stikken. De piloat hie neat, mar it fleantúch fleach yn 'e brân. [1]
Nettsjinsteande Caproni syn foarnimmen om it fleantúch fannijs te bouwen, waard it projekt al gau opjûn fanwegen de bûtenwenstige kosten. De pear ûnderdielen dy't oerbleaune binne te sjen yn it Gianni Caproni Museum fan Aeronautics en yn it Volandia loftfeartmuseum yn Italië.
Technyske feiten
bewurkje seksjeParameters | Data |
---|---|
Bemanning | 8 |
Passazjiers | 60–100 |
Lingte | 23,50 m |
Spanwiidte | 30 m |
Hichte | 9,63 m |
Fleugeloerflak | 836 m² |
Gewicht leech | 14.000 kg |
Startgewicht | 25.000 kg |
Oandriuwing | 8 × 12-sylinder V-motor Liberty L-12 fan 400 hk |
Heechste faasje | 130 km/o |
Krúsfaasje | 116 km/o |
Fleanberik | ± 660 km |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Caproni Ca.60 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|