Carel Vosmaer
Carel Vosmaer (De Haach 20 maart 1826 – Territet by Montreux 12 juny 1888), omkesizzer fan de skriuwer Jacob Vosmaer, wie in Nederlânsk auteur.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie in soan fan Gualterus Vosmaer en Wilhelmina Dana Rademacher. Hy boaske yn 1853 oan Abrahamina Cornelia Charlotte Georgette Clant.
Hy studearre yn de rjochten te Leien sûnt 1844, promovearre op 18 jannewaris 1851 en festige him dêrnei as abbekaat yn syn berteplak. Fan 1853 oant 1856 wie er griffier by it kantongerjocht yn Ald-Beijerlân, daarna substitút-griffier, earst by it Hof yn De Haach, yn 1866 by de Hege Rie, oant er dat amt oerjûch yn 1873 om fierder allinne te libjen foar de keunst en de letteren.
Vosmaer hat 25 jier redakteur fan De Nederlandsche Spectator west. Yn dat blêd publisearre er syn 'Vlugmaren', ûnder de skûlnamme Flanor, dy't in soad ynfloed hiene op dit blêd en syn lêzers. Sadwaande waard dy net wurch te krijen bodder, gelearde en kenner fan keunst en letteren in man fan grutte betsjutting, oant syn ôfnimmende sûnens him twong De Haach te ferlitten en ferbettering yn it bûtenlân te sykjen.
Vosmaer naam de gigantyske taak op him en fertaal Homerus yn Nederlânske heksameters en libbe krekt lang genôch om it dien en redigearre te krijen. Yn 1873 besocht er Londen om syn freon Lawrence Alma-Tadema te moetsjen. Werom yn Nederlân publisearre er Londinias, in briljant sabeare-heroysk gedicht yn heksameters.
Syn namme is ek ferbûn oan de postume publikaasje fan Jacques Perk syn Gedichten út 1882 wêrfoar't er de 'Voorrede' en Willem Kloos de ferneamde 'Inleiding' skreau. Syn lêste gedicht wie Nanno, in ydille neffens Gryksk model.
Hy rekke wei yn Montreux, Switserlân, op 12 juny 1888.
Bibliografy
bewurkje seksje- 1856 - Eene studie over het schoone en de kunst
- 1860 - Eenige schetsen
- 1893 - Rembrandt Harmensz. van Rijn, ses précurseurs et ses années d'apprentissage
- 1868 - Rembrandt Harmensz. van Rijn, sa vie et ses œuvres (De Haach)
- 1868 - De schilderschool
- 1872-1876 - Vogels van diverse pluimage (3 dielen, Leien)
- 1874 - Een zaaier, studiën over Multatuli
- 1875 - Londinias
- 1879-1881 - Vlugmaren (mei twa fervolgen, De Haach)
- 1880 - Amazone (roman)
- 1883 - Nanno, een Grieksche idylle
- 1887 - Gedichten
- 1888 - Inwijding (net foltôge roman).
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |