Carmen Kass
Carmen Kass (Paide, 14 septimber 1978) is in Estysk supermodel en ûndernimmer.
Libben en wurk
bewurkje seksjeCarmen Kass waard grut yn Paide. As famke wenne hja mei har mem, in lânarbeidster, yn in appartemint yn it doarpke Sika. Mei 14 jier waard sy ûntdutsen yn in supermerk yn Tallinn troch in Italjaanske modelleferkenner. Kass hie eigentlik meidwaan wold oan de Miss Estlân-ferkiezing, mar in oanbod om yn Milaan as model in karriêre te begjinnen like har in mear glamoureuze en lukrative opsje.
Doe't Kass 18 jier wie ferfoer hja nei Parys, nei't se op de covers fan ferskate grutte magazines stien hie, sa as Vogue (Frankryk en Feriene Steaten), Elle (Austraalje), Image (Feriene Keninkryk).
Yn 1999 stie Kass model foar tal fan bekende ûntwerpers dêr't Dolce & Gabbana, Gucci, Prada en Versace by wiene. Boppedat hat Kass yn tal fan reklames posearre fan û.o. Calvin Klein, Chanel en Donna Karan. Kass wie ek in wurdfierster fan Sephora, in bekend kosmetikamerk, en it parfum J'adore fan Christian Dior.
Kass waard troch Vogue oantsjutten as "Model fan it Jier" op de VH1 / Vogue Fashion Awards fan 2000.
Njonken it modellewurk wie Kass kandidaat foar har lân foar it Europeesk Parlemint yn 2004. Se krige 2.315 stimmen fan de Estyske kiezers, mar waard net keazen. Kass is teffens in betûft skaakster. Fan 2004 oant 2011 wie hja foarsitter fan de Estyske Skaak Federaasje.
Se is ek foar in part eigener fan har modelleburo, Baltic Models. Yn Estlân is Kass eigener fan in stikmannich partikuliere bedriuwen, ûnder oaren fan twa bedriuwen yn ûnreplik goed.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Carmen Kass fan Wikimedia Commons. |