Caroline Stuyfzand
Caroline Aarens Stuyfzand (Santpoort, 15 maaie 1957) is in byldzjend keunstner út Santpoort-súd.
Fan jongs ôf oan wie se al dwaande mei tekenjen en skilderjen op papier, linnen, mdf, hout, tekstyl of stiennen. Se krige har oplieding oan 'Frije Leergongen fan de Frije Universiteit' te Amsterdam, in learare-opleiding. Mear as tweintich jier jout se kursussen yn tekenjen en skilderjen yn Heemstede.
Der binne party ynspiraasjeboarnen, mar se hat in foarleafde foar Romeinske skiednis en keunst. Graach mei se ek oerstappe nei in oare hantearring fan de farve of mear kleurrike tema's. Caroline wurket ek yn opdracht.
Twa kear wie der al in eksposysje fan har wurken te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |