Carolus Mulerius
Carolus Mulerius (Harns, 21 febrewaris 1601 – Grins, 13 augustus 1638) wie in Frysk hispanist en grammatikus. Mulerius hearde ta de famylje Des Muliers dy't oarspronklin fan Risel kaam.
Hy wie in soan fan Christina Maria Six (1566-1645) en Nicolaus Mulerius (1564-1630), dy't foaral bekend waard as astronoom, mar op dat stuit dokter yn Harns wie. De húshâlding ferfear yn 1603 nei Grins, yn 1608 nei Ljouwert en werom nei Grins yn 1614, dêr't syn heit heechlearaar Medisinen en Gryksk waard oan de universiteit. Syn âldere broer Petrus Mulerius (1599-1647) waard heechlearaar natuerkunde en botany oan deselde universiteit.
Carolus studearre oan de Universiteit fan Grins (161), oan de Universiteit fan Frjentsjer (1618) en folge fierder kolleezjes oan oare Nederlânske en bûtenlânske universiteiten. Hy skreau Linguae Hispanicae Compendiosa Institutio (1630), Linguae Italicae Compendiosa Institutio (1631), Linguae Gallicae Compendiosa Institutio (1634) en Een korte ende seer dienstighe onderwijsinge Vande Spaensche Tale. It lêste wurk ferskynde postúm yn 1648 en wie de earste grammatika fan it Spaansk dy't yn it Nederlânsk skreaun waard.
Hy stoar oan 'oedeem'[1] yn de âldens fan 37 jier. Hy waard beïerdige yn de Broeretsjerke in Grins dy't doedestiids de tsjerke fan de universiteit wie. De grêfstien wurdt no bewarre yn de kelders fan de Universiteit fan Grins.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|