Carstensz-ekspedysje

De Carstensz-ekspedysje wie yn 1936 in ûndernimming fan Anton Colijn, Jean Jacques Dozy en Frits Wissel.

Anton Colijn, Frits Wissel en Jean Jacques Dozy posearje yn de snie ûnder de Carstensz-ekspedysje

Sy giene op 29 oktober 1936 op paad út Aika wei, in plak oan de súdkust fan Nederlânsk-Nij-Guinee en kamen op 24 desimber werom. It doel fan de ekspedysje waard berikt: it beklimmen fan de heechste top fan it Carstenszberchtme.

Dozy wie de geolooch fan it selskip en hy ûntduts de Ertsberch: de grutste goudôfsetting yn de wrâld. Fanwege de ôfhandigens en ûnberchsumens fan it gebiet duorre it noch jierren ear't út ein set waard mei it dylgjen fan it goud.

  • Colijn, A.H., Naar de eeuwige sneeuw van tropisch Nederland; de bestijging van het Carstenszgebergte in Nederlandsch Nieuw Guinee. Amsterdam: Scheltens & Giltay, 1937 (5e printinge: 1949).

Keppelings om utens

bewurkje seksje