Caspar Merian (Frankfurt, 13 febrewaris 1627 - Waltastate yn Wiuwert, 12 april 1686) wie ien fan de wichtichste topografyske graveurs en útjouwers yn de barokperioade. Hy kaam út de yn Frankfurt fêstige tûke fan de Bazeler Merian-famylje.

Frankfurt am Main yn 1658 fan Caspar Merian
Güsterow, út Topographia Saxoniae Inferioris, 1653

Merian wie in soan en learling fan de graveur Matthaeus Merian de Alde (1593-1650) en Maria Magdalena-de Bry. As meiwurker fan syn heit wurke er in skoft yn Parys en Neurenberch.
Nei it ferstjerren fan syn heit late er de Frankfurtske útjouwerij tegearre mei syn broer Matthäus Jr.. Beide setten de publikaasje fan de troch harren heit begûnen haadwurken, de Topographia Germaniae Inferiors vel Circuli Burgundici das ist beschreibung und abbildung der Furnembsten Orter in den Niderlandischen XVII Provincien oder Burgundischen Kranse Frankfurt am Mann beij Caspar Merian en de Theatrum Europaeum, fuort en makken gâns oare gravueres foar dizze wurken.

Fan de Topographia Germaniae Inferiors ensafh., ferskynden in totaal fan 30 dielen mei 2142 perspektyfbylden en ienfâldige plattegrûnen (meast sûnder strjitteyndieling) en 92 lânkaarten. Fan Nederlân en België ferskuyne yn 1964 in reproduksjeútjefte by Bärenreiter Verlag yn Kassel en Bazel mei in neiwurd fan Berndt van 't Hoff.

Merian luts him yn 1672 werom yn Wertheim op medysk advys. Yn 1677 ferhuze er nei Fryslân, sleat him oan by de radikale protestantske sekte fan de Labadisten, en wenne dêr oant syn dea op Waltastate. Yn 1685 hat er syn healsuster, de keunstneres Maria Sibylla Merian (1647 -1717), en har mem, Johanna Sibylla Catharina en de twa dochters fan syn healsuster op Waltastate ûnderdak jûn.

  • Wolfgang Klötzer (Hrsg.): Frankfurter Biographie. Zweiter Band M–Z. Verlag Waldemar Kramer, Frankfurt am Main 1996, ISBN 3-7829-0459-1