Caterina Murino (Kagliary (Sardynje), 15 septimber 1977) is in Italjaansk aktrise fan it eilân Sardynje.

Murino op it Giffoni Film Festival, july 2010
Caterina Murino, maart 2010

Biografy bewurkje seksje

Yn 't earstoan woe sy dokter wurde, mar koe har talittingseksamens net helje, dat sy gie oer ta modellewurk. Sy waard fjirde yn de Miss Itaalje-ferkeizing fan 1996. Nei't sy nei Londen ferhuze wie ferlear sy har hert oan teater en aktearjen.

Werom yn Itaalje studearre sy drama yn 1999/2000 oan de Scuola di Cinema e Teatro fan Francesca De Sapio. Sy die mei oan de teaterproduksje Richard III en spile yn Italjaanske stikken. Murino har telefyzjekarriêre begûn yn 2002 en sy waard ynternasjonaal bekend fan har rol as Solange Dimitrios yn de 2006 fimferzje fan it James Bond boek Casino Royale.

Murine praat neist de taal fan Sardynje ek Italjaansk, Spaansk, Ingelsk en Frânsk. Sûnt 2004 hat sy yn Parys wenne; sûnt 2008 yn Montmartre mei har freon Pierre Rabadan, in Frânske rugby international. Sûnt begjin 2011 spilet sy mei Rufus Sewell yn de BBC One-rige Zen.

Filmografy bewurkje seksje

Karút.
  • Nowhere (2001)
  • Il Regalo Di Anita (2002)
  • L'Enquete Corse (2004)
  • L'Amour Aux Trousses (2004)
  • Elonora d'Arborea (2005)
  • Les Bronzes 3 (2005)
  • Vientos de agua (2006)
  • Casino Royale (2006)
  • St Trinian's (2007)
  • Il seme della discordia (2008)
  • The Garden of Eden (2008)
  • XIII (2009)
  • Zen, telefyzjerige (2011)
  • Équinoxe (2011)
  • La Proie (2012)
  • Odysseus (2013)
  • The Invincible Piglet (2015)
  • The Squad (2015)
  • Fever (2016)
  • C'est quoi cette famille ?! (2016)
  • Voice from the Stone (2017)
  • Et mon cœur transparent (2018)

Keppeling om utens bewurkje seksje