Cees Egas
Cornelis (Cees) Egas (Holwert, 1 augustus 1913 - Alkmaar, 21 desimber 2001) wie in Nederlânsk politikus út namme fan SDAP en letter de Partij van de Arbeid.
Cees Egas | ||
politikus | ||
Cees Egas yn 1965 | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 1 augustus 1913 | |
berteplak | Holwert | |
stjerdatum | 21 desimber 2001 | |
stjerplak | Alkmar | |
Twadde Keamerlid | ||
amtsperioade | 1952-1965, 1967-1972 | |
Steatssekretaris fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk | ||
amtsperioade | 1955-1966 | |
offisjele webside | ||
Profyl by parlement.com |
Egas wie lânbou- en fiskerij-wurdfierder fan de PvdA-Twadde-Keamerfraksje fan de PvdA. Hy wie in Fryske boeresoan, dy 't sels op jonge jierren lânarbeider waard en dy't aktyf wie yn de sosjalistyske jeugdbeweging, de AJC. Syn mem wie learares húshâldkunde oan de folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean.
Nei de oarloch wurke er yn it foarmingswurk yn Fryslân. As lânbousaakkundige waard er foarme yn de rûnte fan de Wiardi Beckman Stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA.
As Keamerlid hold er yn de jierren fyftich en sechstich praatsjes foar de VARA-radio oer lânbou yn de rubryk 'Voor het platteland'. Yn it kabinet-Cals wie er as steatssekretaris belêstige mei maatskiplik wurk. Hy sette him sawol yn dy funksje as neitiid as Twadde Keamerlid en bestjoerder yn foar de belangen fan âlderein.
Nei syn fuortgean út it parlemint folge er kursussen kulturele antropology, sosjology, psychology en filosofy oan de Frije Universiteit Amsterdam.
Publikaasjes
bewurkje seksje- De Duivel is Oud, 1975
- Onze toekomst. Tien vragen over welzijn, 1993
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cees Egas fan Wikimedia Commons. |