Chödje Lama Gawang Rinpoche (omtrint 1927, East-Tibet - Hantum, 6 septimber 2014) wie in Tibetaansk geastlike út de karma kagyütradysje fan it Tibetaansk boedisme. Yn 1986 stichte er it kleaster Karma Deleg Chö Phel Ling yn Hantum.

Hy waard beskôge as de heechste fertsjintwurdiger fan it Tibetaansk boedisme yn Nederlân. Dat die bliken doe't keninginne Beatrix him yn 2005 útnoege om by har 25-jierrich regearingsjubileum te wêzen.[1]

Lama Gawang wie in tige betûft rituele- en retrête-master mei yngeande kennis fan de Tibetaanske astrology en geomanty.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) Nederlandse Karma Kagyü website, biografy