Chance Vought A-7 Corsair

De Chance Vought A-7 Corsair II is in lichte oanfalsjager dy't fanôf in fleandeskip operearje kin. De A-7 wie it earste tastel dat tarisd wie mei in head up display (HUD), in inertial navigation system (INS) en in turbofanmotor. De A-7 tsjinne by de US Navy as ferfanger foar de A-4 Skyhawk, mar it USMC hie foarkar foar de McDonnell Douglas AV-8, de Amerikaanske ferzje fan de Hawker Siddeley Harrier.

In A-7E marineferzje fan de USS Kitty Hawk, 1981
Tastel fan de Portugeeske loftmacht
A-7 Corsair II
Chance Vought A-7E Corsair II
Cockpit

De earste flecht wie yn septimber 1965 en it tastel waard operasjoneel yn febrewaris 1967. Fanwege it foarkommen fan de A-7 Corsair II waard it rillegau troch de fleanders oantsjut mei de skelnamme Sluf (Short Little Ugly Fucker). De A-7 liket in protte op de Chance Vought F-8 Crusader, mar is in folslein oare fleanmasine.

Fan 1985 ôf waard it tastel yn fazen by de USN ferfongen troch de nijere F/A-18 Hornet. By de lêste operasjonele ienheden waarden de A-7’s ferfongen nei de Golfkriich yn 1990. Wilens waarden de ôfskafte tastellen ferkocht oan de loftmachten fan Grikelân (60 stik), Portugal (50) en Tailân (112).

De Air National Guard fleach lykwols mei A-7’s oant 1993. Dêrnei waard in part fan de oerbleaune tastellen bewarre en opslein. It oarepart waard sloopt. Der binne totaal 1.569 stiks fan makke.

Technyske feiten

bewurkje seksje
Mjitten A-7A A-7D A-7E
Langte:  14,06 m 14,06 m 14,06 m
Spanwiidte:  11,81 m 11,81 m 11,81 m
Hichte:  4,90 m 4,90 m 4,90 m
Fleugeloerflak:  34,84 m² 34,84 m² 34,84 m²
Leechgewicht:  6.739 kg 7.968 kg 8.669 kg
Maksimaal gweicht by opstigen:  15.649 kg 19.051 kg 19.051 kg
Brânstofkapasiteit: 
  • yntern: 5.678 l
  • ekstern: 4 tanks fan 1.135 l
  • yntern: 5.678 l
  • ekstern: 4 tanks fan 1.135 l
Topfaasjet:  1.094 km/o (op seenivo) 1.052 km/o (op seenivo) 1.110 km/o (op seenivo)
Krúsfaasje:  933 km/o (op seenivo) 816 km/o (op seenivo) 933 km/o (op seenivo)
Klimfaasje:  25,4 m/s 40,2 m/s 55,37 m/s
Tsjinstplafond:  13.381 m 11.826 m 11.826 m
Aksjeradius:  ûnbekend 1.127 km 1.127 km
Fleanberik:  6.598 km ca. 5.000 km 4.828 km
Startbaanlingte:  1.265 m 1.189 m 1.219 m
Oandriuwing:  1 × Pratt & Whitney TF30-P-6 1 × Allison TF41-A-1 1 × Allison TF41-A-2
Driuwkrêft:  50,50 kN (ohne Nachbrenner) 63,41 kN (sûnder neiferbaarnder) 66,75 kN (sûnder neiferbaarnder)
Bemanning:  1 Piloat 1 Piloat 1 Piloat
Rêdingssysteem Douglas ESCAPAC IC-2 (Sjitstoel) Douglas ESCAPAC IG-2 Douglas ESCAPAC IG-4/IG-5
Fluchfjoer kanon 2 × 20-mm-masinekanonnen Colt-Browning Mk.12 mei 250 patroanen 1 × 20-mm-Gatlingkanon M61A1 Vulcan mei 1.030 patronen 1 × 20-mm-Gatlingkanon M61A1 Vulcan mei 1.030 patr.
Oare wapens grut ferskaat oan bommen en raketten oant 6.800 kg idem idem
  GRE
Loftmacht, 60 A-7H/TA-7H, A-7 (iensits) oant ein 2013
  POR
Força Aérea Portuguesa, 50 A-7P/TA-7P, tsjinnen oant 1999
  THA
Royal Thai Air Force, offisjeel noch yn tsjinst (2012), mar net operasjoneel mear
  USA
United States Air Force, A-7D, yn tsjinst oant 1983
United States Navy, A-7A/B/C/E/TA-7C, yn tsjinst oant 1991
Air National Guard, A-7D/K, yn tsjinst oant 1993


Keppeling om utens

bewurkje seksje