Charlotte von Lengefeld
Charlotte Luise Antoinette von Schiller, berne Charlotte von Lengefeld (Rudolstadt, 22 novimber 1766 – 9 july 1826) wie de frou fan de Dútske dichter Friedrich Schiller.
Lengefeld waard as jongfaam al yntrodusearre yn de literêre rûnten fan Weimar. Sy moete Schiller yn 1785 doe't er noch in earme, ûnbekende dichter wie. De aristokratyske Charlotte, dy't oan it hartochlik hôf fan Saksen-Weimar kaam, hie faak wol muoite mei de libbensstyl fan de bohemiem Schiller en syn freonen. Hja krigen fjouwer bern: Karl Ludwig Friedrich (1793-1857), Ernst Friedrich Wilhelm (1796-1841), Karoline Luise Friederike Schiller (1799-1850), en Emilie Henriette Luise (1804-1872).
Wurk
bewurkje seksjeLengefeld hat har hiele libben sels ek skreaun, mar der is nea wat fan útbrocht by har libben. Har brieven oan har man, har suster Caroline, Charlotte von Stein, Goethe, en oaren binne yn ferskate edysjes útbrocht.
Nei syn dea waard de roman fan har hân Die heimliche Heirat yn Schillers papieren fûn.
-
De fjouwer bern
-
Charlotte von Lengefeld, wierskynlik troch Auguste Christian Fleischman
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Charlotte von Lengefeld fan Wikimedia Commons. |