Child grooming
Child grooming ("it reemeitsjen fan bern") beslacht alles dat dien wurdt om in bern te befreonjen en in emosjonele bân mei in bern ta stân te bringen mei as doel om 'e wjerstân fan it oangeande bern te ferminderjen en it sa ree te meitsjen om misbrûkt of eksploitearre te wurden foar berne-arbeid, (seksueel) bernemisbrûk, berneprostitúsje of de produksje fan bernepornografy. Hoewol't út soksoarte saken út 'e hiele wrâld bliken dien hat dat dieders in breed ferskaat fan eftergrûnen hawwe, kin doch sein wurde dat it yn in relatyf heech part fan 'e gefallen gie om immen dy't it bern persoanlik nei stie en mei wa't it goed bekend wie. Sadwaande kin steld wurde dat misbrûk gauris, of miskien sels wol ornaris, foarôfgien wurdt troch child grooming. Per 1 jannewaris 2010 is yn Nederlân child grooming strafber steld, likefolle oft der ek wier-wier misbrûk op folget of net.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |