Christiaan van der Klaauw

Christiaan van der Klaauw (1944) is in Fryske oerwurktechnikus, dy't op It Hearrenfean begûn mei in atelier wêryn't hy antike klokken reparearre. Fan 1974 ôf waard er ek ûntwerper en makker fan klokken. Yn 1989 sluet er him oan by it AHCI (Académie Horlogère des Créateurs Indépendants), in ynternasjonaal gilde fan klokke- en horloazjebouwers mei inkele tsientallen leden.

Planetarium 2000

Yn 1992 presintearre hy op de horloazjebeurs fan Bazel it earste polshorloazje yn 'e wrâld dat in kompleet planetarium ynboud hie. It horloazje wie unyk yn de wrâld en festige de namme fan de bouwer. Fan 1994 ôf besleat hy him dêrom ta te lizzen op de produksje fan polshorloazjes.

"Christiaan van der Klaauw" is tsjintwurdich in Nederlânsk horloazjemerk spesjalisearre yn it meitsjen fan technysk avansearre lúkse horloazjes.

Hast elk model fan dit horloazjemerk hâldt ferbân mei stjerrekunde. In soad horloazjes hawwe dan ek spesjale funksjes, lykas de stân fan moanne, sinne, stjerren en planeten of de oantsjuting fan dei, datum, moanne, jier of seizoen. Boppedat dogge de oerwurken faaks klassyk oan. Alle horloazjes wurde yn lytse oplage produsearre en binne mei de hân makke.

Keppeling om utens bewurkje seksje