Christoffel Pullman
Christoffel Pullman (± 1759 – Baarn, 27 july 1787) wie in Dútsk hiersoldaat dy't omkomd is op syn wacht by Paleis Soestdyk.
Patriotten en Prinsgesinden
bewurkje seksjeYn de nacht fan 27 july 1787 wie in leger fan sa’n 300 Patriotten, ûnder lieding fan Frederik III Ryngreve fan Salm-Kyrburg op wei nei Paleis Soestdyk. Prins Willem V doarde al in skoft net mear nei Soestdyk ta troch de striid tusken Patriotten en Prinsgesinden yn de regio. Hy hie in detasjemint fan it rezjimint fan Hessen-Darmstadt op it paleis legere om de oarder te beweitsjen. Op paad nei Soestdyk hienen de patriotten al twa wachtposten oermastere, mar by it paleis stjitten se op de grenadier Christoffel Pullman. De patriotten besochten him om te keapjen en him sa syn wapens ôf te nimmen, mar hy andere dêrop: “Ich bin ein ehrlicher Kerl…” (Ik ben in earlik man). Dêrop waard er op it plak sels deasketten. Salm joech hjirop syn patriotten it befel it paleis te plonderjen, mar troch it gewearskot wie de Hessyske brigade wekker wurden, en sûnder tiid te nimmen har oan te klaaien grypten se it gewear en ferdigenen it paleis. De patriotten wienen needsake har werom te lûken, en paleis Soestdyk bleau feilich, ûndanks de skea dy't op it foarplein ôprûn wie.
Beleanning
bewurkje seksjeDe ferdedigers fan it paleis waarden dekorearre mei in gouden of sulveren earepeinje foar de Offisieren fan it Rezjimint Hessen-Darmstadt wegens de Ferdigening fan Soestdyk Soestdijk. De widdo fan Christoffel Pullman waard in goed pensjoen tasein.
Monumint
bewurkje seksjeSûnt 1787 hawwe der twa tinktekens foar Christoffel Pullman stien yn de buert fan it Paleis. De monuminten stienen beide oan de wei fan Utert nei Soestdyk (de hjoeddeiske Biltsewei), mar it twadde monumint is fersetten nei it parkearplakje foar it paleis oer, dêr't in lyts sithoekje by it monumint makke is.
1e Monumint
bewurkje seksjeIn houten plaat, fjouwerkant, oan de boppekant spits tarinnend, mei op de foarkant in skedel mei in gat yn de foarholle, boppe twa krúste bonken. Yn de midden in plakette mei it opskrift:
- Christoffel Pullman,
- Grenadier
- van de Lyf-Compagnie
- in het Regiment Infanterie
- van den Prins van Hessen Darmstad
- oud 28 jaaren;
- Verkiezende liever ’t leven te verliezen
- dan zyne wapens overtegeven,
- in den nagt
- van den 27 July 1787
It houten monumint is tsjintwurdich te sjen yn it Ryksmuseum te Amsterdam.
2e monumint
bewurkje seksjeUnthuld troch Prinses Juliana un 1937. In brûnzen byld fan de grenadier yn it unifoarm fan Hessen-Darmstadt, mei de finger oan de trekker fan syn gewear, op in stienen sokkel mei dêrop in plakette.