Christopher Love
Christopher Love (1618 – 22 augustus 1651) wie in Welsk predikant en abbekaat foar it presbyterianisme yn de tiid fan de Ingelske boargeroarloch. Yn 1651 waard er fan it regear eksekutearre, nei dat ûntdutsen wie dat er korrespondearre mei it ferdreaune hôf fan de Stuarts. Hy gie syn dea as temjitte as in held en martelder foar de Presbyteriaanske faksje, dy't omdôch om syn amnesty frege hie.
Libben
bewurkje seksjeLove waard berne yn Cardiff, yn Glamorganshire, Wales, as de jongste soan fan Christopher Love en waard bekeard doe't er 14 jier âld wie troch William Erbury, de ôfskiedene. Syn heit wie it dêr net mei iens en woe him yn Londen yn de lear dwaan, mar Erbury en syn mem stjoerden him nei de Universiteit fan Oxford. Hy kaam yn juny 1636 as earme studint de New Inn Hall ûnder Christopher Rogers binnen, en studearre as B.A. op 3 maaie 1639 ôf. Nei't er syn masterstitel krigen hie, moast er Oxford ferlitte, omdat er wegere de nije tsjerkerigels fan aartsbiskop William Laud te ûndertekenjen.
Boeken
bewurkje seksjeSyn preken waarden nei syn dea publisearre troch liedende Presbyterianen fan Londen (Edmund Calamy, Simeon Ashe, Jeremiah Whitaker, William Taylor, en Allan Geare). De wichtigste fan syn boeken binne:
- Grace, the Truth and Growth, and different Degrees thereof (226 blêds., Londen, 1652);
- Heaven's Glory, Hell's Terror (350 blêds.., 1653);
- Combate between the Flesh and the Spirit (292 blêds., 1654);
- Treatise of Effectual Calling (218 blêds.,1658);
- The Natural Man's Case Stated (8vo, 280 blêds., 1658);
- Select Works (8vo, Glasgow, 1806-07, 2 parten).