Chtskonk' (kleaster)

Chtskonk’ (Armeensk: Խծկոնք; Turksk: Beşkilise) wie in kleasterkompleks fan fiif tsjerken tichteby de stêd Digor, it eartiidske Tekor, it bestjoerssintrum fan it distrikt Digor yn 'e Eastturkske provinsje Kars, likernôch 19 kilometer west fan 'e tsjintwurdige Armeenske grins. It kleaster stie yn in kleau, dy't foarme is troch de rivier de Digor.

Chtskonk’
Խծկոնք
It kleaster yn 1920.
It kleaster yn 1920.
Lokaasje
lân Turkije
provinsje Kars
plak tichteby de stêd Digor
koördinaten 40°22'N 43°22'E
Kleastergegevens
denominaasje Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Ynformaasje bou
boujier 7e-13e iuw
sloopjier Foar it grutste part troch it Turkske leger ferneatige yn ± 1955
Kaart
Chtskonk' (Turkije)
Chtskonk'

Yn augustus 1920 waard it kleaster mei de fiif tsjerken noch yn goede steat fotografearre troch de Armeenske archeolooch Asjcharbek Kalantar. Dat wie krekt foardat it Turkske leger it gebiet op Ruslân ferovere. Nei de suvering fan 'e Armeenske befolking út de kontrijen fan Kars waard it gebiet om it kleaster hinne militêr oefenterrein.

De iennige noch besteande tsjerke fan it kleaster.

Yn 1959 besocht de Frânsman Jean-Michel Thierry de lokaasje. Hy konstatearre dat fan 'e fiif tsjerken allinne de út 1029 datearjende Sint-Sergiustsjerke (Soerb Sarkis) en dan ek noch slim skeind oerbleaun wie. De oare fjouwer tsjerken wiene allegear mei de grûn lyk makke en it mitselwurk fan dy tsjerken leit somtiden op grutte ôfstân fan it oarspronklike plak.

Guon wolle ha dat de skea feroarsake waard troch in ierdskodding, mar neffens de histoarikus William Dalrymple soe de skea der dan hiel oars útsjoen hawwe. Neffens bewenners binne de tsjerken troch it Turkske leger opblaasd mei eksplosiven, itjinge troch ynwenners fan Digor yn 2002 befêstige waard. De koepel fan 'e Sint-Sergiustsjerke is noch yntakt, mar dielen fan 'e sydmuorren binne by de eksploazje nei bûten ta blaasd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: